Home

index

Minnertsga. Ûnder prachtige waarsomstândigheden is op tongersdeitejûn 29 juny in rekreaasjetocht hâlden foar kuierders en hurdrinners. Der wienen moaie route’s troch de Minnertsgeaster Mieden útset fan 5 en 10 kilometer. Foar de bern fan de legere skoallen wie in koarte route troch it doarp. De start en finish wie by it MFA. De opbringst fan dizze tocht wie foar de Hersenstichting ofwol Stophersentumoren.nl. It âfroune jier krigen in oantal doarpsgenoten te krijen mei dizze sykte en it lyke de organisaasje goed ta om hjir wat foar te dwaan. Reade triid wie dizze jûn Gerrit de Vries. Hy is noch mar 12 jier en wurdt no al konfronteare mei dizze sykte. It is in merakel te sjen hoe’t Gerrit mei syn âldelju de striid tsjin hersenkanker oangongen is. Hy wie foar ús dan ek de ambassadeur fan Stophersentumoren.nl en sa hat hy justerjûn ek akteerd. Alle respekt Gerrit en gean sa troch!

Fjirders binne der noch in oantal hichtepunten fan de jûn te beneamen:

-de iepenbare skoalle De Lytse Terp helle mar leafst € 1851 op!

-in oantal haadklassekeatssters rûnen mei Lusanne Klaver mei foar har heit Wopke.

-Abe Posthumus wie der ek by betrokken troch de útslachen by te hâlden.

-Susanne Berk, ek âldpatient, draafde de 5 kilometer mei.

-De winnaar bij de dames op de 10 kilometer Iris van Schepen fertelde dat sy mei die foar har suster dy’t ek patient is.

Al mei al yndrukwekkende mominten dy’t dizze jûn bysûnder makken. Sa wie ek it optreden fan ús musykferieniging Oranje prachtich. Sy hiene oanbean om dizze jûn op te fleurjen en spylen wer as fanâlds, wat in hiele spesjale sfeer joech.

Oh ja, der wienen in lytse 500 dielnimmers en der wie ek in hiel soad publyk. Neidetiid wie der noch in moaie neisit.

Al mei al in prachtige jûn mei in beladen ûnderwerp. Ek wol de organisaasje de sponsors noch efkes beneame, dat wienen Oranje Nationaal, Dagwinkel Minnertsga en transportbedrijf Van der Vlas. Tank foar jimme belutsenheid.

As lêste koe de organisaasje bekend meitsje dat mar leafst € 5300 byelkoar rûn en kuiere is. Wat in geweldich resultaat!

Agenda

Ledenpartij alle categorieën
30 juli 2017
13.00
Ledenpartij "Teatsen"
13 aug 2017
13.00

Hoofdsponsor

Zonderland zonnepanelen

Kledingsponsor

Vrijehuizenmarkt adviseurs Logo

De vries 2

logo

Hoofdsponsor

zonderland

Kledingsponsor

madhuizen

postuma